Les yn iiskotinte by de mar

De bern fan Aldehaske by harren nije bûtendoarleslokaal
De bern fan beide basisskoallen yn Aldehaske krije tenei alle freedtemiddeis les yn 'e natoer. By it deirekreaasjeterrein oan it Nannewiid by it doarp is yn de eardere iiskotinte in spesjaal leslokaal ynrjochte.
Dit leslokaal is ek it startplak fan in fytsrûte en der lizze spultsjes dy't brûkt wurde kinne om de bern te ûnderwizen oer de natoer. It bysûndere leslokaal waard freed yn gebrûk nommen.