Cambuur: al 6350 kaarten kwyt

23 apr 2010 - 14:47
  • De belangstelling foar kaartsjes foar de play-offwedstriden is grut

Cambuur hat foar de earste play-off wedstriid op snein 9 maaie al 6350 kaarten ferkocht. Nije wike moandei set de frije ferkeap fan de lêste 3750 kaarten útein. Minsken kinne maksimaal fjouwer kaarten de persoan keapje.

De kassa's by it Cambuurstadion geane om njoggen oere moarns iepen. It is noch net bekend wa't de tsjinstander fan Cambuur wurdt. Dat kinne Excelsior, Go Ahead Eagles of FC Zwolle wurde. As it Go Ahead of Zwolle wurdt giet it mooglik om in risikoduel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)