Proeffeart Aebelina nei Grou

23 apr 2010 - 13:27

Der is in soad belangstelling foar de buertfearttsjinsten tusken Earnewâld en Grou, dy't dizze simmer makke wurde mei de replika fan it houten skûtsje de Aebelina. Fan de plande tweintich feartsjinsten binne al 15 folboekt.

Alle kearen kinne 15 minsken meifarre. Freed wurdt tusken Earnewald en Grou proeffearn mei de Aebelina. De ôfrûne jierren is by it skûtsjemuseum yn Earnewâld wurke oan de replika. It skûtsje is augustus ferline jier te wetter litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)