Bus fergees op Keninginnedei

23 apr 2010 - 10:21

Ek dit jier is it busferfier yn Fryslân op Keninginnedei de hiele dei fergees. Dit is mooglik troch gearwurking tusken de provinsje, de gemeente Ljouwert en de busbedriuwen Connexxion en Qbuzz. De bussen ride al in tal jierren fergees op 30 april.

Der binne dit jier mear bussen beskikber as yn oare jierren, omdat de belangstelling ferline jier bysûnder grut wie. De bussen ride op Keninginnedei de tsjinstregeling fan in sneon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)