Gevelplaten stellen yn E'wâlde

23 apr 2010 - 09:46

De plysje siket minsken dy't mear witte fan stellerij op in bouterrein yn Easterwâlde. It giet om in terrein op it Buurstede. Tusken ferline wike freed en ôfrûne tiisdei binne dêr in grut tal gevelplaten meinaam.

De platen binne sân meter lang en in meter breed. De dieven hawwe nei alle gedachten in grutte oanhinger of frachtwein brûkt om de platen yn te ferfieren. Minsken dy't wat sjoen ha, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)