Liet: Nynke & Wiljo nominearre

23 apr 2010 - 08:48

Op de lêste Liet-foarronde yn de Academie voor Popcultuur yn Ljouwert waarden ûnder oare Nynke en Wiljo nominearre foar in finaleplak. Nynke en Wiljo wûnen ferline jier noch sjongfestival SjONG foar jongerein mei in cover fan Anouk en brochten no in eigen nûmer.

De oare nominaasjes giene nei Elisabeth en Ilse, twa jonge froulju dy't foar it earst op it poadium stiene, en de Ljouwerter muzikant Rinke Schroor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)