'Boarger wit te min fan ried'

22 apr 2010 - 21:35
  • Boargemaster Bilker fan Kollumerlân

De boargers witte net mear wat de gemeenterieden, wethâlders en boargemasters allegear dogge. En dat komt omdat der gjin sjoernalisten mear binne om harren dat te fertellen. Dat sei boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân by de ynstallaasje fan de nije wethâlders.

Neffens him sitte der al in hiel skoft gjin sjoernalisten mear by de riedsgearkomsten en dat is net goed foar de wurking fan de demokrasy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)