Aksjes yn suvel kommendeweis

22 apr 2010 - 16:30

Fryske suvelmeiwurkers wolle cao-aksjes. De meiwurkers freegje in leansferheging fan 1,25 prosint, mar de suvelkorporaasjes stelle foar om twa jier lang in ferheging fan 1 prosint te jaan. De fakbûnen CNV en FNV binne slim teloarsteld en gean by alle leden del om te freegjen wat sy fan it foarstel fine.

Freed wurdt dúdlik oft der yndie aksjes komme. Op oare plakken yn Nederlân is de aksjereewilligens op 'e suvelfabriken net sa heech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)