Hitlerparody fan YouTube helle

22 apr 2010 - 16:12

In Dútske filmprodusint hat in trijetal Fryske parodyen op de film Der Untergang fan ynternet helje litten. De filmkes binne ferline jier fertoand op it Frysk Filmfestival. Dêrnei wiene se op Youtube te sjen. Hitlerparodyen binne de lêste jierren in hype op ynternet. Tsientallen brûkers makken eigen ferzjes fan Der Untergang. De Fryske filmleafhawwers lieten Hitler en syn kompanen Frysk prate. De regisseur fynt de parodyen in komplimint, seit er yn Elsevier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)