Apelbeam moat toeristen lûke

22 apr 2010 - 15:59

By trije restaurants yn 'e omkriten fan It Hearrenfean binne tongersdei apelbeammen plante foar it toerisme. De apel moat mear minsken nei Súdeast-Fryslân lûke. It plan komt fan de Stichting Tijd op oanfraach fan 'e gemeente. In stichting foar fruit yn Fryslân is der ek mei anneks.

Doel is dat de restaurants de apels op 'e menukaart sette. It giet om Hajé op 't Fean en de Koningshof en Tjaarde yn Oranjewâld. Der komme ek kuier- en fytsrûtes bydel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)