Fergees parkeare yn Snits

22 apr 2010 - 13:21

Besikers fan Snits kinne de kommende trije sneonen fergees parkeare op it Feemerk- en Flexaterrein. Der is op 't heden bot oerlêst troch wurk oan 'e A7 oan de eastkant fan 'e stêd. Fergees parkeare is in goedmakker.

Ferkear op 'e A7 wurdt mei buorden ferwiisd nei de parkearterreinen. Op de parkearautomaten komt te stean dat it parkearen dy deis fergees is. De ferwachting is dat mids juny it wurk oan 'e diken dien is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)