Gjin fjoer yn Weststellingwerf

22 apr 2010 - 13:05

Yn 'e gemeente Weststellingwerf mei fan tongersdei ôf net mear smookt of stookt wurde yn 'e bosken en op 'e heide- of feangrûnen. It beslút is naam yn oerlis mei de brânwacht.

De maatregel is needsaaklik omdat it hiel droech is yn 'e natuer. De kâns op brân is grut. Op grûn fan 'e algemiene feroardering mei der no gjin fjoer oanlein wurde, mei der net mear barbecued en smookt wurde yn 'e natuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)