Maachi yn de spits by Cambuur

22 apr 2010 - 12:53
  • Nassir Maachi (foto: Omrop Fryslân)

Nassir Maachi sil freedtejûn yn de útwedstriid tsjin RBC Roosendaal yn de spits spylje by Cambuur. Mark de Vries is blessearre en Stanley Menzo wol mei Bob Scheepers en Reza begjinne as fleugeloanfallers.

Neist Mark de Vries kin Cambuur ek net beskikke oer Danny Guijt, Randy Rustenberg, Jeffrey de Visscher en Nuelson Wau. De earste fjouwer binne wer fit foar de neikompetysje. Wau is opereard en rjochtet him op it nije seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)