Gertjan Verbeek giet nei AZ

Fuotbaltrainer Gertjan_Verbeek fan Jobbegea wurdt takom jier trainer fan AZ út Alkmaar. Hy is no noch trainer by Heracles Almelo, dêr't er in poerbêst seizoen mei trochmakket. Heracles stiet op it sechde plak yn de kompetysje en is noch yn de race foar Europeesk fuotbal.
Verbeek hie noch in kontrakt oant 2011 by Heracles. Hy tekent no in kontrakt foar trije jier by AZ. Verbeek hie in klausule yn syn kontrakt stean dat er nei in klup yn de top fiif ta koe.