Grutte opknapbeurt Bertilla

22 apr 2010 - 12:14

Soarchynstelling ZuidOostZorg yn Drachten wol ferpleeghûs Bertilla yn Drachten modernisearje. Der komme nije apparteminten, kantoaren, in restaurant en in oefenseal. De nij- en ferbou fan Bertilla kostet 20 miljoen euro. Dat is 10 miljoen minder as earst it doel wie.

It hjoeddeistige Bertilla is net mear fan dizze tiid, benammmen it plak dêr't de deminten sitte. De bou giet yn desimber dit jier los.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)