Wurkleazens wer tanaam

22 apr 2010 - 11:10

Yn Fryslân binne der ferline jier 16,6 prosint mear wurkleazen by kaam. Ein maart stie de teller op 23.000. De wurkleazens is yn Fryslân mear tanaam as yn Grinslân en Drinte. Dêr lizze de persintaazjes op 9 en 10 prosint.

Troch it seizoenswurk is de Fryske wurkleazens de lêste tritich dagen omdel gien mei 2,5 prosint. It giet dan benammen om produksjewurk yn technyske en yndustriële beroppen. De kommende moannen komt der ek noch tydlik wurk by yn 'e hoareka.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)