Minder ferkearsdeaden yn 2009

22 apr 2010 - 10:53
  • Argyffoto Omrop Fryslân

Ferline jier binne 24 minsken omkaam yn it Fryske ferkear, sân minder as yn 2008. Dat meldt de provinsje op basis fan plysjegegevens. Ek in oantal slachtoffers dat opnommen wurdt yn in sikehûs en it tal lichtgewonden gie yn 2009 omleech.

De provinsje docht in soad oan it ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens. Under oaren troch de berm neist de dyk feiliger te meitsjen. De nije sifers jouwe de provinsje goeie hoop om de doelstelling fan dit jier te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)