Epke Zonderland wol goud by EK

22 apr 2010 - 10:29

Turner Epke_Zonderland giet dit wykein by it EK turnjen op jacht nei syn earste grutte titel. Yn it Ingelske Birmingham lizze der foar de Lemster mooglikheden om it goud te pakken op syn favorite tastel, it rek. Op brêge hopet Zonderland ek in plak yn 'e finale te heljen.

Fysyk stiet Zonderland der goed foar. Hy hat net in soad lêst mear fan blessueres. Om dat sa te hâlden lit er de ringen earst noch út syn programma, om oerbelêsting foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)