'Wyldemerk stiet der yllegaal'

21 apr 2010 - 23:13

De Raad van State hat in streek set troch it bestemmingsplan foar De Wyldemerk, in skoalle foar probleemjongeren yn Harich. De protestearende omwenjenden hawwe gelyk dat de gemeente net genôch fêstlein hat oer de tydlike festiging fan de skoalle, fynt de heechste rjochter.

De skoalle wachtet ôf wat de útspraak foar de takomst betsjut. De gemeente Gaasterlân-Sleat jout dêr pas takom wike dúdlikheid oer. Tsjinstanners sizze dat de skoalle der yllegaal stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)