Drinte dochs tsjin CO2-opslach

21 apr 2010 - 22:06

In mearderheid yn de provinsjale steaten fan Drinte is foarearst dochs tsjin opslach fan CO2 yn lege gasfjilden. Lykas it provinsjebestjoer fan Grinslân, wie Drinte yn earste ynstânsje net tsjin opslach fan CO2.

Yn de steategearkomste waard woansdei lykwols in moasje fan GroenLinks en SP oannaam om earst net mei te wurkjen. It ministearje fan Ekonomyske Saken hat it Noarden oanwiisd as twadde gebiet yn Nederlân om by wize fan proef CO2 yn de grûn op te slaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)