Fergees iten foar dakleazen

21 apr 2010 - 21:45

In groep dak- en thúsleazen hawwe woansdeitejûn fergees iten krigen yn it hotel fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. It fergese miel wie in inisjatyf fan de Ljouwerter studinteferiening Io Vivat.

Dy woe sa yn kontakt komme mei dak- en thúsleazen en prate oer hoe't it is om op strjitte libje te moatten. Yn totaal sa'n 20 dak- en thúsleazen kamen op it fergese miel ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)