Hearrenfean wol besunigje

21 apr 2010 - 17:26

It nije kolleezje fan Hearrenfean wol de kommende fjouwer jier acht miljoen euro besunigje. It giet foar in grut part om saken dy't ek al by it foarige kolleezje yn byld wiene.

De effekten fan de krisis binne al rûsd op 4,8 miljoen euro yn 2014 en der stie al 1,2 miljoen yn de boeken foar nije útjeften. Meielkoar is dat seis miljoen euro en dêr docht it nije kolleezje fan PvdA, VVD en Gemeentebelangen nochris twa miljoen oan besunigings by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)