Aldste tekening aaisiker

Tresoar hat de âldste tekening fan in aaisiker yn hannen krigen. Dy ôfbylding stiet yn 'Voyage pitteresque dans la Friese' fan amtner Gauthier-Stirum. De amtner hat it skreaun nei't er sa'n trije jier yn Fryslân wenne en wurke ûnder keizer Napoleon. Gauthier hie in bysûndere bân mei Fryslân en fûn hjir syn frou.
Tresoar hie it boekje al wol, mar no mei it hânskrift is dúdlik hoe bysûnder it is. It is al te besjen op de webside fan Tresoar.