Jubileum foar berne-iepenloft

21 apr 2010 - 15:49

It berne-iepenloftspul út Easterwierrum bestiet 20 jier. Dat wurdt fierd mei in teatermiddei. Op 1 maaie kinne bern út de groepen 6, 7 en 8 tal fan aktiviteiten dwaan lykas toaniel, sjongles of in workshop dûns.

It berne-iepenloft is ûntstien neist it iepenloftspul yn Jorwert. Al gau groeide it út ta in selsstannich barren mei 4000 taskôgers. It iepenloft wurdt spile troch bern út groep 7 en 8 fan skoallen yn Littenseradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)