Professoarebuert opknapt

21 apr 2010 - 15:06
  • Nij
  • Ald

De Professoarebuert yn Frjentsjer is klear. Al yn 2002 wiene der plannen om de âlde buert oan te pakken. Der wie in soad ferset tsjin de sloop fan in grut part fan de wyk. Uteinlik ha 56 huzen plak makke foar nijbou en binne 163 wenningen opknapt. Der binne nije dûsen, CV-ynstallaasjes en flierren oanbrocht.

Wenningboustifting Accolade is ferantwurdlik foar de fernijing. Woansdei waard de buertfernijjing offisjeel ôfsluten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)