Webside oer WOII op eilannen

Der komt in nije webside oer de skiednis fan de Waadeilannen yn de Twadde Wrâldoarloch. De sitewaasje op de eilannen wie net te ferlykjen mei dy op de fêste wal. Ek binne in soad saken ûnderbeljochte bleaun.
In grut part wie Sperrgebiet. Der wiene likefolle Dútsers as eilanners op de eilannen en der wiene in soad ferdigingswurken. Minsken mochten it eilân net op of ôf sûnder tastimming fan de besetters. De webside wurdt nije wike presintearre.