Steaten: selsstannich Fryslân

21 apr 2010 - 14:02

Alle partijen yn Provinsjale Steaten binne foar in selsstannich Fryslân. De steaten praten der woansdei oer dat Fryslân opgean kinne soe yn ien grut noardlik lânsdiel. Guon politike partijen en ûndernimmers wolle dat om jild te besparjen.

Ek is praat oer de takomst fan Fryslân. De provinsje moat besunigje om't der 22 miljoen minder fan it Ryk komt. Om jild te hâlden, soe der in eigen belestingstelsel komme moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)