Frontale botsing Wikel
Yn Wikel hat woansdei in frontale botsing west. Op de rotonde yn de krusing fan de Suderseewei mei de Herenhoogwei botsten in frachtwein en in auto. De bestjoerder fan de auto rekke ferwûne en moast troch de brânwacht út de wein helle wurde. Hy hat in oere beknypt sitten.
Hoe't it ûngelok barre koe, is noch ûnbekend.