Soarch IC-pasjint yn Ljouwert

De Friesland wol dat lytse sikehûzen yn Snits, Drachten en It Hearrenfean har ambysjes bystelle. De soarch foar hiel slim sike pasjinten en pasjinten op de intensive care moat net by al dy sikehûzen dien wurde, mar yn Ljouwert.
Oan de oare kant moatte der mear húsdokters komme dy't sels lytse yngrepen dogge. Dat stiet yn it plan fan de soarchfersekerder. Dat plan is woansdei presintearre.