Kompressor boarre him yn auto

21 apr 2010 - 11:03

Yn Frjentsjer is woansdeitemoarn in ûnbekende automobilist ferwûne rekke by in swier ûngelok. In oanhingwein mei dêrop in kompressor skeat los fan in buske. De karre boarde him frontaal yn de auto.

De bestjoerder rekke beknypt yn syn auto. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. It barde op de Frisiabrêge yn de Boargemaster J. Dijkstrawei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)