'Jongeren' winne Frysk diktee

21 apr 2010 - 09:40

De tsiende edysje fan it Frysk diktee waard tiisdeitejûn wûn troch de 27-jierrige André Looijenga. Hy makke mar fiif flaters yn it diktee dat skreaun waard troch sjonger Piter Wilkens. André Looijenga komt fan Tersoal, mar wennet no yn Grins, dêr't er klassike talen studearre hat.

Ek it twadde plak wie foar in jonge Fries út Grins. Jurrit Jan de Jong makke seis flaters yn it diktee. De organisaasje fan it diktee seit wiis te wêzen mei de 'oanstoarmjende jeugd'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)