Ferkearsljochten dogge it wer

21 apr 2010 - 06:21

De steuring woansdeitemoarn fan de ferkearsljochten by de Werpsterhoeke en dy op de krusing fan de Overijsselseweg en de Hendrik Algraweg, by de McDonalds by Goutum, is ferholpen. De steuring hie mooglik te krijen mei de stroomsteuring dy't tiisdeitenacht yn Ljouwert wie.

De measte ferkearsljochten giene dernei wer oan, mar de ljochten op dizze twa krusings net. Der is mei man en macht oan wurke om se foar de moarnsspits wer oan de praat te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)