Gjin 11-stêdebosk by Ljouwert

Wethâlder Gerrit Krol fan Ljouwert
It Alvestêdebosk by de nije Ljouwerter wyk De Súdlannen komt der dochs net. It kolleezje fan B&W sjocht it idee fan de PvdA en VVD yn de gemeenteried fan Ljouwert net sitten. De beide partijen woene in bosk yn de foarm fan in alvestêdekrús groeie litte, mar de gemeente fynt de omjouwing fan it takomstige Nieuw Stroomland net geskikt.
Wethâlder Gerrit Krol slút net út dat it tema fan de Alvestêdetocht op in oare wize werom komt yn de wyk.