Gjin wynmûnen by Muntsjesyl

20 apr 2010 - 20:41

De provinsje jout gjin tastimming foar de bou fan wynmûnen fan tachtich meter heech by Muntsjesyl. Sokke hege mûnen passe neffens de provinsje net yn it lânskip. Mûnen meie fan de provinsje net heger wêze as fiifenfjirtich meter. Soms kin de provinsje tastimming jaan foar hegere mûnen, mar dêr is it lânskip by Muntsjesyl te lyts foar. De gemeente Kollumerlân fynt it spitich. De wynmûnen koene bydrage oan in enerzjyneturale gemeente yn 2020.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)