Award foar Princessehof

20 apr 2010 - 20:04
  • De poster fan de priiswinnende tentoanstelling

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert hat de Artifex Award wûn. Se ha de priis krigen foar de súksesfolle tentoanstelling "Scherven en geluk". Dy tentoanstelling luts ferline jier sa'n 30.000 minsken. De Artifex Award wurdt alle jierren útrikt oan de organisaasje dy't der it bêste yn slagget it Nederlânsk kultuerguod sa tagonklik mooglik te meitsjen.

De sjuery wie bot te sprekken oer it idee dat minsken sels harren servysguod ynbringe mochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)