Lemsterlân giet foar fúzje

De Lemmer, no noch haadplak fan Lemsterlân
It kolleezje fan Lemsterlân advisearret de ried te besluten ta in fúzje mei Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat. Dêrmei ûntstiet in gemeente mei sa'n 50.000 ynwenners. It kolleezje ferwachtet dat sa'n fúzje op 1 jannewaris 2013 klear wêze kin. Yn 2008 hat ûnderyk útwiisd dat Lemsterlân sûnder gearwurking mei oare gemeenten gjin besteansrjocht ha kin.
De ynwenners fan de gemeente binne ek foar in fúzje mei Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat.