Gytsjerkster yn Eur. brassband

Bart van der Wielen drok oan it oefenjen
De 16-jierrige Bart van der Wielen fan Gytsjerk sil foar Nederlân útkomme yn de Europeeske Jeugdbrassband. Dat is in band dy't elk jier opnij gearstald wurdt. Jongeren oant 21 jier út hiel Europa wurde hjirfoar selektearre. De bedoeling is dat de bandleden de stikken sels thús leare en dan mei foar harren ûnbekende jongeren út oare lannen in Europeesk orkest foarmje.
Takom wykein sil Bart van der Wielen nei it Eastenrykse Linz om dêr te blazen yn de Europeeske Jeugdbrassband.