Twa Friezen op PvdA-list

20 apr 2010 - 17:20

Jacques Monasch út Amsterdam en it sittende Twadde Keamerlid Lutz Jacobi binne troch it PvdA gewest Fryslân nei foaren skood as kandidaat Twadde Keamerlid. Monasch stiet op it 29ste plak fan de list, Jacobi op it 26ste.

Monasch (48) hat in grut part fan syn jeugd trochbrocht yn Drachten dêr't syn heit arts wie yn it sikehûs Nij Smellinge. Hy hat aktyf west as fuotballer foar Drachten en wie ek in aktyf siler. Neffens Monasch is hy benadere troch de ôfdieling Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)