NHL wol mear technykstudinten

De NHL Hegeskoalle yn Ljouwert wol noch mear studinten binnenhelje foar syn technykopliedings. Dit jier folgje 2300 studinten in hbû-oplieding technyk, doel is dat tal te ferheegjen nei in lytse 3000.
Lanlik is it tal mbû'ers en hbû-studinten dat foar in eksakte oplieding kiest, de ôfrûne jierren mei 20 persint tanaam. Dat komt mei troch kampanjes fan de oerheid en it ûnderwiis sels.