Boatsjeman lit oalje rinne

20 apr 2010 - 11:45

Wetterskip Fryslân hat yn Snits in boatsjeman trapearre dy't yllegaal oalje yn it wetter fan de Woudfeart rinne liet. Kontroleurs fan it wetterskip holden de feart yn de gaten om't der al earder meldingen wiene.

De eigner fan de boat dy't de oalje rinne litten hie, hat sels in bedriuw ynskeakele om it spul op te romjen. De brânwacht hie skermen pleatst om de oalje te kearen. It ynsidint wie twa wiken ferlyn, mar ûndersyk joech moandei útslútsel oer de fertochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)