Trije ynbraken It Hearrenfean

20 apr 2010 - 10:40

De plysje ûndersiket in rige ynbraken moandei op It Hearrenfean. Dat wie op De Bolster. By trije huzen yn dy strjitte is moandeitemiddei ynbrutsen. By de earste wenning binne ûnder oaren sieraden, in laptop, in creditcard en in mobile tillefoan stellen, út in oar hûs is allinnich in Nike-pet meinaam.

De dief hat by de tredde wenning besocht om binnen te kommen, mar dat is net slagge. De plysje siket minsken dy't wat sjoen hawwe. Dy kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)