Feiligens Club Q yn oarder

De feiligens yn diskoteek Club Q by Noarnburgum hoecht net oanpakt te wurden. Neffens de gemeente Tytsjerksteradiel is der neat mis mei de maatregels dy't de diskoteek naam hat. Der is regelmjittich kontakt tusken de gemeente en de útbater fan de diskoteek.
De gemeente reagearret dêrmei op it nijs fan de twa fjochterijen by de club. De 16-jierrige Redmar Smedema út Burgum ferstoar nei't er in klap krigen hie.