Twa Waterpoorters útroppen

20 apr 2010 - 09:29

Jans Groothuis en Henk Stalman binne moandei ta Waterpoorters fan Snits útroppen. Se krigen in bosk blommen, in oarkonde en in gouden spjeld fan boargemaster Hayo Apotheker.

Elk jier wurde der ien of twa frijwilligers dy't in soad foar de stêd bestjut hawwe, yn it sintsje set. Al fan 1974 ôf. De boargemaster dielt de fersiersels út mar de organisaasje Sneek Promotion bepaalt wa't de Waterpoorter wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)