Jong Hearrenfean ferliest dik

19 apr 2010 - 21:32

Jong Hearrenfean/Emmen hat de wedstriid tsjin Jong FC Grins kânsleas mei 4-0 ferlern. Yn Emmen naam Grins troch Pepijn Kluin yn de earste helte de lieding. Daliks nei it skoft waard it 2-0 foar de Grinzers troch Frank Olijve. Chevello de Rijp en Robert Pomstra makken tsjin de ûnmachtige kombinaasjeploech dien wurk.

Takom wike moandei spilet jong Hearrenfean/Emmen yn it Abe Lenstra-stadion tsjin Jong PSV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)