DBF keapet kafee yn Alde Leie

© Omrop Fryslân
Stichting DBF út Grou hat kafee 'De drie Gemeenten' yn Alde Leie kocht. Se hawwe dat dien om de leefberens yn it doarp te behâlden. It kafee wie al in skoft ticht.
Der komt in útbou mei terras en WC's oan de achterkant fan it kafee. Dêrmei wurdt ynspile op de Alvestêdefarrûte dy't der yn de takomst komme sil. It kafee leit oan de rûte. Op dizze wize krije ynwenners fan it doarp neffens de stifting har moetingsplak werom en wurde toeristen betsjinne.