200.000 euro foar duorsumens

De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte hawwe 200.000 euro subsydzje beskikber steld foar duorsume ynnovaasje yn Noard-Nederlân.
Tolve yndustriële bedriuwen yn Grins, Ljouwert, Emmen en Hoogeveen dogge mei om duorsume produkten te ûntwikkeljen neffens it prinsipe fan Cradle2Cradle. Dat hâldt yn dat alle ôffal opnij brûkt wurde kin yn it produksjeproses of dat it folslein biologysk ôfbrekber is. As dat de dielnimmende bedriuwen slagget, krije se in sertifikaat.