Kolleezje Ljouwert klear

19 apr 2010 - 17:14

It kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan de gemeente Ljouwert sil de kommende perioade bestean út fjouwer wethâlders en boargemaster Ferd Crone. De foarige perioade wiene der fiif wethâlders.

Marco Florijn fan de PvdA is wethâlder en loko-boargemaster. Ek de wethâlders Henk Deinum fan de PvdA en Isabella Diks fan PAL/GroenLinks komme werom yn it kolleezje. CDA'er Thea Koster is de nijkommer. Takom freed sil it nije kolleezje syn programma presintearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)