Dea Burgumer komt hurd oan

19 apr 2010 - 16:37

Yn Burgum is de dea fan de 16-jierrige Redmar Smedema hurd oankaam. Redmar ferstoar snein oan de gefolgen fan in klap dy't er de nacht derfoar krigen hie yn diskotheek Club Q by Quatrebras. Redmar wie bot aktyf yn it doarp, benammen by de fuotbalklup BBC/BCV.

De wedstryd fan syn team tiisdeitejûn sil ôfsein wurde en ek de trainingen geane net troch. By de skoalle fan Redmar, it CIOS op It Hearrenfean is in spesjale stilteromte ynrjochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)