Groeiend tal eachproblemen

Troch de fergrizing en in groeiend tal diabetespasjinten krije de Fryske sikehuzen alle jierren hast 10 prosint mear pasjinten mei eachproblemen. Ek komme der hieltyd mear mooglikheden om eachproblemen te behanneljen.
Om better taret te wêzen op de gruttere drokte is it Antoniussikehûs yn Snits in gearwurking oangien mei it Eachsikehûs yn Rotterdam. Dat sikehûs wol de kommende jierren in gearwurkingsnetwurk fan 20 oant 25 sikehuzen opbouwe.