Duorsume parkearautomaten

19 apr 2010 - 14:01

Op It Hearrenfean binne moandei tritich duorsume parkearautomaten yn gebrûk nommen. De automaten hawwe sinnepanelen en krije dêr de elektrisiteit fan. Der is ek sjoen nei saneamde hybrides, parkearautomaten dy't sawol sinne- as wynenerzjy brûke. Mar dy hybrides binne noch net goed trochûntwikkele.

De nije automaten stean yn it sintrum fan It Fean. Doel is dat der noch mear by komme. De gemeente keapet sels ek twa elektryske auto's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)